Realistisch schilder Dinie Boogaart

Boogaart Beeld Blog

Heitelân

Oan Fryslân (Liuwe Postma, jannewaris 1951)


Yn ’t noard-westen fan Jerope,
by de wide see en ’t strân.
Leit it lantsje fan myn hope:
’t Fryske mar- en polderlân.

Fryslân, lân fan griene greiden
mei swart-bûnte melke-kij
dy’t sûnt jierren dêr al weiden,
Pronkstik fan ús buorkerij!

Fryslân, lân skolp’rend wetter
dêr ’t de sylboat farre kin
- en dêr ’t ek noch ieuwen letter –
libje sil de Fryske sin.

Fryske grûn, werop de Friezen
no sa lang al wenne ha,
dêr ’t sa folle hoarnen bliezen:
Eala fria Fresena.

Bern’ yn ’t lân fan d’ âlde namme;
Tusken bosk en reidpoel yn
As in leat fan d’ âlde stamme
Freegj’ ik net de frjemdsinwyn!

Fryslân, lân fan sterke minsken,
dêr ’t men ’t net gau sitte lit.
Minsken ek mei folle winsken,
dy’t men al te faak ferjit.

‘k Hoopje dat ús âlde Fryslân
mei syn flitich folk sa frij
- net as iensum Hollânsk eilân –
noch in takomst hawwe mei!

Folle lijen, lok en seine
ha myn âldfaars hjir al hân
en foardat ik hjir mei eine ,
swar ik trou oan ’t Heitelân!



Dit gedicht hoort bij het schilderij ‘Heitelân’, opgedragen aan mijn vader Lieuwe Postma (1931-1990)
Dinie Boogaart, Kerst 2014